<big>K</big>ickshaw akseptearret de folgjende XML-eleminten en skaaimerknammen, skaaimerkwearden en ynhâld dy't ferbûn binne mei dizze eleminten:

<tt><b>Elemint:</b>			<b>Skaaimerknammen:</b>
menu           		id, label, icon, execute
separator      		label
item           		label, icon
↳action        		name
 ↳prompt       		<i>net fan tapassing</i>
 ↳command      		<i>net fan tapassing</i>
 ↳startupnotify		<i>net fan tapassing</i>
  ↳enabled     		<i>net fan tapassing</i>
  ↳icon        		<i>net fan tapassing</i>
  ↳name        		<i>net fan tapassing</i>
  ↳wmclass     		<i>net fan tapassing</i>

					<b>Skaaimerkwearden:</b>
action         		Execute, Exit, Reconfigure,
               		Restart, SessionLogout

					<b>Ynhâlden:</b>
enabled        		yes, no</tt>

Menu-ID's besteande út lege tekenrigen binne jildich, mar lykas elke oare menu-ID kinne se mar ien kear foarkomme yn in menu.

— — —

De folgjende menu's binne lykweardich en wurde beide akseptearre troch Openbox en Kickshaw.

<tt><b>(1)</b> &lt;openbox_menu&gt;

      &lt;menu id="menu1" label="Menu1"&gt;
        &lt;item label="item"/&gt;
      &lt;/menu&gt;

      &lt;menu id="root-menu"&gt;
        &lt;menu id="menu1"/&gt;
      &lt;/menu&gt;

    &lt;/openbox_menu&gt;</tt>

<tt><b>(2)</b> &lt;openbox_menu&gt;

      &lt;menu id="root-menu"&gt;
        &lt;menu id="menu1" label="Menu1"&gt;
          &lt;item label="item"/&gt;
        &lt;/menu&gt;
      &lt;/menu&gt;

    &lt;/openbox_menu&gt;</tt>

In menu wurdt altyd sjen litten yn Kickshaw sa't it yn Openbox ferskynt, dêrom is it lêste fan de twa foarbylden tichterby in WYSIWYG-oanpak. It nadeel is dat foar grutte menu's dit in menubestân er wat ferwarrend útsjen litte kin. Dêrom bewarret Kickshaw standert it menu altyd yn it earste formaat (dit kin binnen de foarkarren feroare wurde).

By it bewarjen fan in bestân, brûkt it programma standert tabs foar ynspringing, mar by it lêzen fan it bestân is it net relevant oft sokke ynspringing dien is mei spaasjes of tabs, lykas alle wytromte.

— — —

In menu kin tsjinsprekkende menu-skaimerken befetsje, sa as yn it folgjende foarbyld:

<tt>&lt;openbox_menu&gt;

  &lt;menu id="menu1" label="outside" icon="out.jpg" execute="out" /&gt;

  &lt;menu id="root-menu"&gt;
    &lt;menu id="menu1" label="inside" icon="in.jpg" execute="in" /&gt;
  &lt;/menu&gt;

&lt;/openbox_menu&gt;</tt>

Yn dit gefal folget Kickshaw it foarbyld fan Openbox en lit it de icon-skaaimerkwearde sjen fan binnen it woartelmenu, wylst it de label- en execute-skaaimerkwearden sjen lit fan bûten it woartelmenu.
